Dokkum
Dokkum is de noardlikste en eastlikste fan de Fryske stêden. Dokkum is it haadplak fan de gemeente Dongeradiel.
Om Dokkum hinne binne terpen mei prehistoaryske grêven, dat dy omkriten hawwe in lange skiednis fan bewenning. Yn de histoarje kaam Dokkum foar it earst foar yn 754 doe't Sint Bonifatius by Dokkum fermoarde waard. In lange staasje fan pylgers kaam yn de rin fan jierren nei Dokkum, foar in besite oan de Bonifatius boarne.
Dokkum hat him hieltyd mear rjochte op it omlizzende lân. Uteinlik is de eartiidse gemeente Dokkum yn 1984 tegearre mei de eardere plattelânsgemeenten West-Dongeradiel en East-Dongeradiel opgien yn de nije gemeente Dongeradiel.
Yn Dokkum wurdt njonken Frysk en Nederlânsk ek Stedsk sprutsen.
[bewurkje seksje] Ferbinings
Dokkum hie yn it ferline in iepen ferbining nei see troch it Dokkumer Djip. Yn 1596 waard dêr dan ek de Fryske Admiraliteit oprjochte. Mar om 1645 hinne gie de Admiraliteit nei Harns, en Dokkum rûn tebek wat de seefeart oanbelanget, oant yn 1729 in dyk tsjin it gefaar fan de Lauwerssee oanlein waard dy't Dokkum hielendal fan de see ôfsleat.
Fan 1645 oant 1656 is de Strobosser Trekfeart groeven yn opdracht fan de stêd Dokkum om de ferbining mei Grins te ferbetterjen. Troch de hege kosten kaam Dokkum yn grutte finansjele problemen.
Tusken 1901 en 1936 hie Dokkum ek in ferbining mei Ljouwert oer it spoar. It stasjon fan it saneamde Dokkumer Lokaeltsje lei doedestiids tusken Dokkum en Ealsum. Ferskeidene strjittenammen ferwize noch nei dy tiid, sa as de Stasjonswei, Stasjonsstrjitte en By 't Stasjon. Hjir yn de buert leit no wol it busstasjon wêr't de bussen fertrekke nei Ljouwert, Drachten en Bûtenpost.
[bewurkje seksje] Yndeling
Yn it sintrum fan Dokkum is de âlde binnenstêd, hiel dúdlik te werkennen oan de Bolwurken dy't noch hielendal rûnom bewarre bleaun binne.
Dokkum hat him yn de 20e ieu oan alle siden bûten de bolwurken útwreide. Der binne tal fan wenwiken bykaam:
- Fonteinslânnen ( ten súden fan de binnenstêd )
- Jantsjeszee polder ( súdkant )
- Kooilânnen (súd-eastkant)
- It Fûgellân (eastkant)
- Weeshúslânnen (noardkant)
- Huoddemakkerspolder (westkant)
- Woudhorne (westkant)
Fierder binne der ek noch twa yndustry-terreinen:
- Hêge diken (eastkant, noard fan de Trekfeart)
- Betterwird (westkant)