Ieu
In ieu is in perioade fan hundert jierren. Yn 't bysûnder ien út in rige fan ieuen sûnt it begjin fan in jiertelling. Sa begûn op 1 jannewaris 2001 de ienentweintichste ieu fan de Kristlike jiertelling.
By de oergong fan it 1999 op 2000, it lêste jier fan it tweintichste ieu, wie der in probleem mei kompjûters dat mei de ieu-oergong te krijen hie, mar dat om de milenniumoergong it milenniumbrek neamd waard.
It liket wat núver dat de begjinsifers fan de ieu net itselde binne as it nûmer fan de ieu, bygelyks: fan de jierren 1901, 1902 ... 1999, 2000, dy't de 20e ieu foarmje, hat allinnich it lêste jier de begjinsifers 20. Dat komt fansels trochdat de earste ieu begûn is mei 1, net mei 100. Foar it lêste jier fan de ieu is dy oerienkomst der al, om't de ein fan de 1e ieu yndie it jier 100 wie.
In ieu is hundert jieren of tsien desennia. Tsien ieuen binne in milennium.