Skries
Skries | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Limosa Limosa |
De Skries (Limosa Limosa) is in fûgelsoarte út de famylje van de snipeftigen. De skries is ien fan de meast bekende greidefûgel. Wol hâldt de skries fan wat sompiger greiden. Op de hjoeddeistige greiden mei in leech wetterpeil fielt er him net thús. De skries is dêrom de lêste tiid yn tal hurd efterútbuorke. De skriezen sykje harren iten mei harren lange snaffel yn 'e grûn, it leafst yn ûndjip wetter.
[bewurkje seksje] Oare nammen
De Skries wurdt yn it Friesk ek wol beneamd as Skrie of Grito.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De skriezen briede fan ein april ôf op 4 aaien. 24 dagen lang briede de fûgels om bar op de aaien. Wylst it gers langer wurdt ûnder it brieden, wurdt it nêst geandewei better kamûflearre. De âlden passe nog sa'n 4 wike op de jongen. Dit meie se graach dwaan troch op yn hikkepealtsje de jongen yn it each te hâlden.
Yn protte nêsten wurde troch seefûgels of krieën leechrôve. De skriezen meie dan ek graach yn 'e buert fan ljippen en tsjirken briede sadat de nêsten mei syn allen ferdigene wurde kinne.