West-Dongeradiel
West-Dongeradiel (Westdongeradeel) wie in eardere gemeente yn it Noardeasten fan Fryslân, mei 6.449 ynwenners (1 jannewaris 1974), en mei in gebiet fan 111,40 km², wêrfan lykernôch 42,51 km² wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It oarspronkelike Dongeradiel, rekke yn de 14e en 15e ieu split yn Dongeradiel oan de eastside fan de Peazens (of Donger), en Dongeradiel westlik fan de Peazens. Tsjin 1500 wienen dy twa parten ôfsûnderlike grietenijen wurden: East- en West-Dongeradiel.
Mei de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1984, waard West-Dongeradiel, mei East-Dongeradiel en Dokkum wer gearfoege ta ien gemeente Dongeradiel.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak wie Ternaard, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Boarnwert, Brantgum, Foudgum, Hantum, Hantumhuzen, Hantumerútbuorren, Holwert, De Lytse Jouwer, Moddergat, Nes, Raard, Waaksens en Wierum.
Fierders moat ek it buorskip Betterwurd neamd wurde.
[bewurkje seksje] Gebiet
De grins fan West-Dongeradiel waard yn it noarden foarme troch de Waadsee. Yn it easten wie de Peazens mei de Alde Peazens de grins, mei oan de eastkant dêrfan East-Dongeradiel. Yn it suden waard de gemeente troch Dokkum en de gemeente Dantumadiel, meast krekt wat noardliker as de Dokkumer Ie, beheind. Yn it westen rûn de grins yn de omkriten fan de Holwerter Feart, mei oan de oare kant Ferwerderadiel.