Web Analytics Made Easy - Statcounter
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions Yndo-Jeropeeske talen - Wikipedy

Yndo-Jeropeeske talen

De Yndo-Jeropeeske talen, ek wol de Yndogermaanske talen, foarmje in tige grutte supertaalfamylje, dy't sûnt 'e Aldheid sprutsen wurdt yn hast hiel Jeropa en grutte parten fan Súd- en West-Aazje en him troch migraasje en kolonisaasje yn 'e lêste fiifhûndert jier ferspraat hat oer grutte parten fan Sibearje yn Noard-Aazje , Noard- en Súd-Amearika, súdlik Afrika en Austraalje en Nij-Seelân.

Guon fan 'e bekendste en histoarysk sjoen meast ynfloedrike Yndo-Jeropeeske talen, bygelyks Latyn, Aldtsjerkeslavysk en Sanskryt, binne no útstoarn. Lykwols wurde der hjoed de dei noch mear as 400 Yndo-Jeropeeske talen sprutsen. De grutsten dêrfan binne Bingaleesk, Dútsk, Frânsk, Ingelsk, Hindi, Portegeesk, Russysk en Spaansk, allegear mei mear as hûndert miljoen memmetaalsprekkers. Yn totaal wurde de Yndo-Jeropeeske talen yn 'e hiele wrâld troch mear as twa en in heal miljard minsken as memmtaal sprutsen. Dêrmei foarmje se fierwei de meast algemiene taalfamylje.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Stúdzje

[bewurkje seksje] Untdekking

De mooglikheid dat guon fan 'e Yndo-Jeropeeske talen in mienskiplike ôfstamming hienen, waard foar it earst oppenearre troch de wittenskipper Marcus Zuerius van Boxhorn, yn 1647. Hy stelde foar dat se harren út it Skytysk ûntjûn hienen, in taal dy't yn 'e Aldheid troch nomaden yn wat no de Oekraïne is, sprutsen waard. Yn syn tiid bleau syn teory fierders ûnbekend. Hjoed de dei kin der allinnich fan oantoand wurde dat it Skytysk yndie in Iraanske taal wie, dy't dêrmei ta de Yndo-Jeropeeske taalfamylje hearde.

Yn 1786 waard troch Sir William Jones, in Britsk koloniaal amtner yn Yndia dy't yn syn frije tiid in amateur-taalkundige wie, in soartgelikense teory foarsteld. Hy murk oerienkomsten op tusken fjouwer fan 'e âldste en bêst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, it Latyn, it Gryksk, it Perzysk en it Sanskryt. It systematyske taalûndersyk dat Franz Bopp nei oanlieding fan Jones syn teory die, befêstige dat dy fjouwer en oare talen in mienskiplike ôfstamming hawwe koenen. Bopp syn Comparative Grammar (Ferlykjende Grammatika), dy't tusken 1833 en 1852 útjûn waard, wurdt beskôge as it begjin fan 'e wittenskiplike stúdzje fan 'e Yndo-Jeropeeske talen.

[bewurkje seksje] Namme

Lange tiid stienen de Yndo-Jeropeeske talen bekend ûnder de namme "Yndogermaanske talen", neamd nei de beide fierst útinoar lizzende taalkloften dy't derta behearden, de Yndyske of Yndo-Aryske talen yn it súdeasten en de Germaanske talen yn it noardwesten. Mar om't de nazys yn 'e tritiger en fjirtiger jierren fan 'e 20e ieu fan de namme gebrûk makken yn harren rasse-ideology waard nei de Twadde Wrâldoarloch de term "Yndo-Jeropeesk" ynfierd, dy't no yn 'e taalwittenskip frij algemien brûkt wurdt.

[bewurkje seksje] Oarsprong

Taalkundigen en argeologen binne it der fierwei oer iens dat de oarsprong fan 'e Yndo-Jeropeeske talen earne yn de lannen om de Swarte See hinne socht wurde moat. Krekt hokfoar gebiet it túslân fan de Yndo-Jeropeeske talen west hat, en sels at der sa'n túslân west hat, dêr in noch in protte diskusje oer.

De teory dy't de measte oanhingers hat is de Kurgan-hypoteze, dy't foar it earst foarsteld waard troch de Litousk-Amerikaanske argeologe Marija Gimbutas yn 'e fyftiger jierren fan 'e 20e ieu. Neffens dy hypoteze waard it Proto-Yndo-Jeropeesk, de taal dêr't alle Yndo-Jeropeeske talen op weromgeane, oarspronklik sprutsen yn it gebiet benoarden de Kaukasus en yn 'e Kaspyske Leechte, en hawwe de Yndo-Jeropeeske folken har fan it fjirde milennium f.Kr. ôf dêrwei ferspraat oer Jeropa en Súd- en West-Aazje.

In oare hypotese is de Anatoalyske teory, dy't de Britske argeolooch Colin Renfrew yn 1987 formulearre. Dêryn wurdt steld dat it túslân fan 'e Yndo-Jeropeänen Anatoalje, Lyts-Aazje, wie, en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske talen gearfoel mei de fersprieding fan 'e lânbou yn de Nije Stientiid. Dêrmei begjint de de fersprieding om 7000 f.Kr. hinne, ferskate milennia earder as de Kurgan-hypoteze hawwe wol. Dizze teory hat minder oanhingers, mar waard yn 2003 al stipe troch de Biotaalkundiche risseltaten fan Russell Gray, dy't foar de tiid fan de fersprieding op earne tusken 7800 f.Kr. en 5800 f.Kr. útkomme.

Oare teoryen hawwe minder ynfloed. Sa wolle guon hawwe dat it túslân fan 'e Yndo-Jeropeeske talen it noardwesten fan it tsjintwurdige Iran wie, it gebiet om 'e Urmiamar hinne. Oaren leauwe dat de talen út it gebiet kamen dat no de See fan Azov foarmet, beëasten it skiereilân de Krim en dat de fersprieding fan 'e Yndo-Jeropeeske folken in drekt gefolch is fan it derûnderstrûpen fan dat lân om 5600 f.Kr. hinne. Wer oaren hawwe yn it ferline teoryen foarsteld dy't harren nasjonale of nasjonalistyske belangen it bêst tsjinnen.

[bewurkje seksje] Taalfamyljes

In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje.
Fergrutsje
In skematyske werjefte fan 'e opbou fan 'e Yndo-Jeropeeske taalfamylje.


De Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje is opboud út in stikmannich lytsere taalfamyljes:

  • Anatoalyske talen
Dizze taalfamylje omfettet de ierst oerlevere Yndo-Jeropeeske talen, dy't no allegearre útstoarn binne. De wittenskip is it der noch net oer iens at dizze famylje wol ta de Yndo-Jeropeeske talen hearde of der in sustertaalfamylje fan wie. Talen: Hettitysk, oerlevere út de 18e ieu f.Kr., Lûwysk, Lydysk, Lysysk, Pisidysk, Palaysk en oaren.
  • Armeenske talen
Fan dizze lytse taalkloft wurdt faak allinne it Armeensk neamd, mar ek it Lomavren en it Hemşinli hearre derta. It Aldarmeensk is oerlevere fan 'e 5e ieu ôf.
  • Balto-Slavyske talen
De measte taalkundigen nimme oan dat de Baltyske en Slavyske talen oarspronklik in ienheid foarmen; lykwols, it is in tear punt yn 'e Baltyske steaten.
  • Baltyske talen
Oerlevere fan 'e 14e ieu ôf en hawwe in ûngewoan protte argayske skaaimerken fan it Proto-Yndo-Jeropeesk beholden. Allinne it Litousk en it Letsk wurde hjoed de dei noch sprutsen; útstoarne talen binne ûnder mear it Aldprusysk en it Koerlânsk.
  • Slavyske talen
It Aldtsjerkeslavysk, no in deade taal, is oerlevere fan 'e 9e ieu ôf. De wichtichste talen binne: Russysk, Oekraynsk, Poalsk, Tsjechysk, Bulgaarsk, Wytrussysk, Servysk, Kroätysk, Slowaaksk, Sloveensk, Masedoanysk en Bosnysk.
De ierst oerlevere ynskripsje datearret út 'e 2e ieu n.Kr., wylst de earst oerlevere tekst de Goatyske Bibeloersetting út 'e 4e ieu is. Njonken dit no útstoarne Goatysk binne de wichtichste talen: Ingelsk, Dútsk, Nederlânsk, Sweedsk, Deensk, Noarsk, Yslânsk, Lúksemboarchsk en Faroysk. Oare talen binne û.m.: Frysk, Sealterfrysk, Noardfrysk, Nederdútsk, Limboarchsk, Skoansk.
  • Grykske talen
Fan dizze lytse taalkloft wurdt ornaris allinne it Gryksk neamd, dêr't de ierste fragminten fan oerlevere binne út 'e 14e ieu f.Kr., yn it Myseensk Gryksk. Oare hjoed de dei noch sprutsen talen behearrend ta dizze groep binne: Pontysk, Kappadoasysk en Tsakoanysk.
  • Illyryske talen
De iennichste noch libbene taal út dizze kloft is it Albaneesk, dat oerlevere is fan 'e 15e ieu ôf. De measte taalkundigen nimme Albaneesk op ûnder de Illyryske talen, al hat it ek Trasyske karakteristiken. Oare, no útstoarne Illyryske talen wienen ûnder mear Illyrysk, Pannoanysk en Alddalmatysk. At it Messapysk, dat yn 'e Aldheid yn 'e "hakke" fan 'e Lears fan Itaalje sprutsen waard, ek ta de Illyryske talen rekkene wurde moat, is noch altyd net folslein bewiisd, mar liket wol wierskynlik.
  • Yndo-Iraanske talen
Der bestiet gjin twifel oer, dat dizze talen ôfstamje fan in mienskiplike oertaal, it Proto-Yndo-Iraansk.
  • Dardyske talen
In lytse taalkloft, dy't ek wol as ûnderdiel fan 'e Iraanske talen beskôge wurdt. De wichtichste talen binne: Kashmiri, Kalasha, Shina en Pashayi.
  • de Iraanske talen
De wichtichste útstoarne talen út dizze famylje binne Avestysk, oerlevere fan 'e 7e ieu f.Kr. ôf, Aldperzysk, oerlevere fan 'e 6e ieu f.Kr. ôf, Medysk, Partysk, Baktrysk, Skytysk en Sarmatysk. Libbene talen binne ûnder mear: Perzysk (Iraansk), Koerdysk, Tadzjyksk, Pataansk, de grutste taal fan Afganistan, Ossetysk en Baluchi.
  • Yndo-Aryske talen
De wichtichste taal dy't ta dizze famylje heart, is it útstoarne Sanskryt, dat oerlevere is fan it iere twadde milennium f.Kr. ôf. In oare wichtige, no útstoarne taal is it Pali. Libbene talen binne ûnder mear: Hindi, Bingaleesk, Urdû, Nepaleesk, Singaleesk, Maldivysk, Punjabi, Sindhi, Gujarati, Rajasthani, Mahrati, Konkani, Oriya, Bihareesk en Assameesk.
  • Italo-Keltyske talen
Net alle taalkundigen binne it deroer iens dat de Italyske en Keltyske talen weromgeane op ien Italo-Keltyske taal, mar der binne sterke oanwizings foar.
  • Italyske talen
Hjirta hearre it Latyn en in stikmannich oare útstoarne talen dy't yn 'e Aldheid op it Italjaanske skiereilân sprutsen waarden, lykas Oskysk, Umbrysk en Fenetysk. It Latyn is oerlevere fan 'e 6e ieu f.Kr. ôf.
  • Romaanske talen
Dizze út it Latyn fuortkommen talen hearre ek ta de Italyske talen. De wichtichste Romaanske talen binne: Frânsk, Spaansk, Portegeesk, Italjaansk, Roemeensk, Moldavysk, Katalaansk en Oksitaansk.
  • Keltyske talen
Behalven de útstoarne talen Gallysk, Lepontysk, Galatysk en Keltibearysk hearre hjir ek de tsjintwurdich noch sprutsen talen Iersk, Skotsk-Gaelysk, Manksk, Welsk, Kornysk en Bretonsk ta. It Gallysk is yn ynskripsjes oerlevere fan 'e 6e ieu f.Kr. ôf en it Aldiersk fan 'e 4e ieu n. Kr. ôf yn ynskripsjes en fan 'e 6e ieu ôf yn teksten.
  • Tochaarske talen
De útstoarne Tochaarske talen waarden sprutsen troch de Tocharen, dy't yn it earste milennium nei Kristus yn Sintraal-Aazje wennen en dêr letter nei alle gedachten opgien binne yn 'e Turkske folken. Der wienen twa Tochaarske talen, of dialekten, dy't Tochaarsk en Koetsjysk neamd binne. De Tochaarske talen binne oerlevere fan 'e 7e ieu ôf.
  • Trasyske talen
Oer it yn de Yndo-Jeropeeske taalfamylje opnimmen fan 'e útstoarne Trasyske talen binne de taalkundigen it net alhiel iens. Ek de ûnderlinge relaasjes fan 'e talen dy't yn dizze kloft pleatst binne, is men it noch net iens oer. Wat wol dúdlik is, is dat dizze talen besibbe wienen oan 'e Yndo-Jeropeeske talen. Ta dizze taalgroep hearre it Trasysk, yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no Bulgarije, noardwestlik Grikelân en it Jeropeeske part fan Turkije is, en it Dasysk, yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no Roemeenje is, twa talen dy't tige nau oaninoar besibbe wienen. Mooglik hearden it Paioanysk, yn 'e Aldheid sprutsen yn it noarden fan it tsjintwurdige Masedoanje, en it Aldmasedoanysk, yn 'e Aldheid sprutsen yn wat no noardlik Grikelân en súdlik Masedoanje is, der ek ta. Noch twifeleftiger is at it Frygysk, yn 'e Aldheid sprutsen yn noardwestlik Lyts-Aazje, der ek ta hearde. It Frygysk wurdt ek wol as in aparte tûke fan it Yndo-Jeropeesk beskôge.

[bewurkje seksje] De Satem- en Centum-talen

De taalkloften dy't ta de Yndo-Jeropeeske talen hearre, waarden faak klassifisearre as centum- of satem-talen, wat in opdieling yn westlike en eastlike talen joech. Dy klassifisearring hat net mei taalbesibskip te krijen, mar mear mei tsjinstelde ûntwikkelings fan taalgroepen dy't in mienskiplike oarsprong hawwe. In foarbyld fan it ferskil yn ûntwikkeling is (de earste letter fan) it wurd foar "hûndert", yn it Latyn centum (de c wurdt útsprutsen as in k) en yn it Avestysk satem.

Neffens dizze ferdieling hearre de Germaanske, Keltyske, Italyske, mei dêryn ek de Romaanske, en Grykske taalkloften ta de centum-talen en de Baltyske, Slavyske, Armeenske en Yndo-Iraanske taalkloften ta de satem-talen. De Illyryske, Trasyske, Anatoalyske en Tochaarske talen nimme in wat aparte posysje yn: guon taalkundigen rekkenje harren ta de centum-groep, wylst oaren hawwe wolle dat se ta net ien fan beide groepen hearre. Mei om't de lêste twa talen west-talen yn it east-gebiet wêze soenen is it belang fan dit ûnderskie tebek rûn.

[bewurkje seksje] Supertaalfamyljes

Guon taalkundigen hawwe útsteld dat de Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje sels ek wer in tûke is fan in noch gruttere taalfamylje. De bekendste fan dizze hypotetyske taalfamyljes is de famylje fan de Nostratyske talen, dy't yn 1903 foarsteld waard troch de Deenske taalkundige Holger Pedersen. Behalven de Yndo-Jeropeeske talen soenen dêrta hearre moatte: de Afro-Aziatyske, de Dravidyske, de Oeralyske, de Altayske en de Súdkaukazyske talen.

De Nostratyske teory is lykwols tige kontroversjeel, krekt as de soartgelikense Euraziatyske teory fan Joseph Greenberg en de Proto-Pontyske teory fan John Colarusso. Der wurdt al oannaam dat it Proto-Yndo-Jeropeesk ek wer út in oare taal ûntstien is; gjin taal ûntstiet út it neat, dus ek Proto-Yndo-Jeropeesk net. Allinnich leit de ôfstamming sa fier werom yn de tiid dat der oant no ta gjin brûkbere taalkundige of argeologyske bewizen fûn binne.

[bewurkje seksje] Foarbylden

Taalkloft Taal drage heit
Yndysk Sanskryt bhàrâmi 'ik draach' pitá
Gryksk Gryksk φερω πατηρ
Italysk Latyn fero pater
Keltysk Aldiersk berim 'ik draach, ik bernje' athir
Germaansk Goatysk baíran 'drage' fadar
Frysk bern ('wat droegen is') faar
Slavysk Aldtsjerkeslavysk bera 'ik fersammelje, nim'

[bewurkje seksje] Literatuer

  • D. Crystal, The Penguin Dictionary of Language (second edition), Londen, 1999.
  • Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
  • T. Hofstra, Oudnoors I, Grins, 1996.
  • P.M. Nieuwenhuijsen, Het Verschijnsel Taal, Bussum, 1995.
  • S.G. Nooteboom en A. Cohen, Spreken en Verstaan - Een Nieuwe Inleiding tot de Experimentele Fonetiek, Assen, 1995.

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu