Eastlik healrûn
It eastlik healrûn is it part fan de wrâld eastlik fan nulmeridiaan en westlik fan de meridiaan fan 180 graden. De hoek fan meridianen op dit healrûn wurdt omskreaun as easterlingte.
De oare helte fan de ierde is it westlik healrûn. Guon minsken, fral yn Amearika, brûke eastlik healrûn as synonym foar Alde Wrâld, mar feitlikens lizze de westlike úteinen fan de Alde Wrâld op it westlik healrûn.