Ekster
Ekster | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Pica pica |
De Ekster (Pica pica) is in fûgel út de famylje fan de Kriefûgels.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Foarkommen
De Ekster is in 46 sm grutte fûgel dy't in gewicht hat fan 200-260 gram. De Ekster is maklik wer te kennen troch syn swart-wite fearren. Fierder hat der in opfallend lange sturt dy't der at der op é grûn sit goed omheech hâld. Syn kop, nekke en boarst binne glansjend swart mei in metaaleftige griene of blaue gloed. De búk en skouders binne wyt, de wjukken binne wer swart. Fierder hat de ekster swarte poatten en in swarte snaffel. De jongen lykje op harren âlden, mar misse noch de metaaleftige gloed fan de swarte fearren. It mantsje is krekt wat grutter as it wyfke.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Ekster komt foar yn hiel Jeropa, in grut part fan Aazje en it noardwesten fan Afrika.
[bewurkje seksje] Iten
By it itensykjen rinne de eksters oer de grûn. Foar it grutste part ite se ynsekten dy't se op de grûn fange. Fierder ite se hast alles fan dierlike oarsprong, jonge fûgels, aaien, lytse sûchdieren. Mar se ite bygelyks ek wol ikels of koarn.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Eksters meitsje harren nêst yn de top fan in hege beam. It is in grut nêst werfan de kom beklaaid is mei grûn en klaai. Boppe it nêst makket de ekster in dak fan losse prikken mei op ien plak in yngong. At de blêden fan de beammen falle binne de nêsten goed te sjen.
It wyfke leit tusken de fjouwer en acht aaien, dy't yn sa'n 18 dagen utbredt wurde. Dernei duorret it noch 22-24 dagen oant de jongen útfleane.