Flekke
In flekke is in foarm fan bewenning dêr't tal fan huzen byelkoar stean en dêr't njonken in tal fan mienskiplike foarsjennings foar de ynwenners ek foarsjennings beskikber binne dy't foar de omkriten fan belang binne.
De wichtichste fan sokke foarsjennings wie de merk; dêrom wurdt it merkrjocht wol sjoen as it ûnderskied tusken in doarp en in flekke. Fierdere foarsjennings binne de bettere mûglikheden fan ferfier en, fral foar it ûntstean fan de massaproduksje, de oanwêzigens fan ambachtslju.
Oars as in stêd wie in flekke net ûnôfhinklik fan it omlizzende gebiet; de flekke hie gjin stêdrjochten. De flekke wie krekt as in doarp in gearstallend part fan de gritenij; de himrik fan de flekke foarme mei dy fan de doarpen it gebiet fan de gritenij, en de folmachten fan de flekke sieten yn de gritenijrie.
Yn Fryslân wurdt ûnderskie makke tusken âlde flekken en nije flekken. Alde flekken binne plakken, dy't grut wurden binne troch de hannel, en dy't at se harren fierder ûntwikele hienen stêd wurden wienen: West-Skylge, Berltsum, Kollum, Makkum, Molkwar, Balk, Wâldsein, De Jouwer en De Lemmer. Nije flekken binne letter grut wurden troch de feangraverij, yn in tiid dat stêdsrjochten net mear takend waarden: Surhústerfean, Drachten, De Gordyk en It Hearrenfean.