Web Analytics

See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Oarsprong fan religy by de minske - Wikipedy

Oarsprong fan religy by de minske

Oer de oarsprong fan religy by de minske, by homo sapiens, de moderne minske, is hast neat mei wissichheid te sizzen. De reden dêrfoar is, dat dat begjin yn ’e prehistoarje leit, it tiidrek dat foarôfgong oan it bestean fan skriftlike boarnen. Sadwaande is alles dat wy oer it ûntstean fan it ferskynsel godstsjinst witte, byinoarpuzele út ’e summiere stikjes ynformaasje dy’t troch de jierren hinne mei argeologysk ûndersyk byinoarskrabe binne.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Undersyk

Oer it algemien binne der twa wurkwizen by it ynterpretearjen fan kennis oer it ûntstean fan religiositeit by de minske, ôflaat út argeologyske fynsten. De earste is it brûken fan oerienkommende modellen dy’t basearre binne op godstsjinsten fan skriftleaze folken sa’t dy hjoed de dei noch beliden wurde, de natoerreligys. De twadde is de ôfwizing fan elts model, en dêrmei dus ek fan eltse ynterpretaasje, om’t der net genôch ynformaasje is. Sadwaande is de earste wurkwize, al hoe ûnfolmakke en spekulatyf at dy ek wêze mei, de iennichste wurkwize dy't risseltaten opsmyt. Derby jildt al dat alle teoryen dy’t op basis dêrfan ûntwikkele binne, deselde ûnbewiisberens diele.

[bewurkje seksje] De Himelgod

Ien fan ’e mear wierskynlike fan dy teoryen waard foar it earst yn 1912 troch de Dútske pater Wilhelm Schmidt formulearre yn syn boek Der Ursprung der Gottesidee (“De oarsprong fan it godsidee”). Schmidt giet der fanút dat de iere minskheid in primityf monoteisme belide, troch in inkelde god te oanbidden dy’t as de skepper en hear fan alle dingen beskôge waard. Dizze saneamde Himelgod wenne net yn timpels en hie gjin preesterstân dy’t him tsjinne, omdat er sa heech en machtich wie dat in minsklike kultus foar him fiersten te ûntarikkend wêze soe. Mar krekt dêrtroch kaam er sa fier fan it libben fan ’e minsken ôf te stean, dat er stadichoan út harren belibbingswrâld ferdwûn.

In oanwizing foar de wierskynlikens fan dizze teory is te finen by guon natoerreligyen yn Afrika, Amearika, Aazje en Oseaanje. Guon primitive folken dêre oanbidde noch altyd in mei de Himelgod ferlykbere godheid. Men leaut fan him dat er gebedens ferhearre, sûnden bestraffe en beskerming jaan kin, mar yn it deistich libben fan ’e minsken komt er frjemdernôch net foar. Ek hat er gjin kultus, gjin preesters en wurdt er nea ôfbylde. It komt sels foar dat er sa hillich is, dat de minsken him net lestichfalle meie of wolle mei gebedens. Guon sizze dat er net beskreaun wurde kin of dat er te heech ferheft is om troch de minsken besmodzge wurde te meien; oaren leauwe dat er “fuortgongen” is, of dat er syn hannen fan ’e wrâld ôflutsen hat. De antropology hâldt it derop dat er yn dy lêste gefallen sa fier fan ’e minsken ôf kommen is te stean, dat er ferfongen is troch legere en mear tagonklike goaden en geasten. Op dyselde manear gong neffens Schmidt ek de Himelgod einlings op yn polytestyske panteons, dêr’t er nei de eftergrûn krongen waard troch jongere goaden.

[bewurkje seksje] De Memmegoadinne

As Schmidt syn teory op wierheid berêst, soe it bêst kinne dat de Himelgod ferkrongen waard troch de Memmegoadinne, dy’t yn elts gefal yn de Alde Stientiid, it lette Paleolitikum, fan likernôch 30.000 f.Kr. ôf, rûnom fereare waard. De Memmegoadinne, dy’t foarsteld waard as in neakene, wielderige frou dy’t swier wie, wie de ferpersoanliking fan ’e fruchtberens dêr’t hiel it libben fan ôfhong. Bylden fan har binne fûn yn hiel Jeropa, it Heine Easten en op it Yndiaaske subkontinint, en der binne oanwizings dat se ek bûten dat gebiet bekend wie en oanbean waard.

Hoelang’t sy de wichtichste godheid wie, is net alhiel dúdlik, mar it is yn alle gefallen wierskynlik dat it om milennia gong. Yn de [[Mid-Steintiid, it Mesolitikum, gong se op yn ’e polyteistyske panteons, lykas mei de Himelgod barre wie. Lykwols bleau se ornaris ien fan ’e machtichste godheden en grif machtiger as de Himelgod, dy’t in dizenige figuer op ’e eftergrûn wurden wie. Sadwaande waard se net fergetten en koe har kultus tydlik wer oplibje doe’t yn de Nije Stientiid, it Neolitikum, om 8000 f.Kr. hinne, de lânbou útfûn waard, dêr’t fruchtberens fansels in krúsjale rol by spile. Mei de útfining fan ’e lânbou kaam de assosjaasje mei planten sintraal te stean, yn it Middellânske-Seegebiet mei nôt en yn Súd- en Súdeast-Aazje mei knolgewaaksen.

Neolityske byldsjes fan ’e Memmegoadinne binne ûnder mear weromfûn by de opgravings fan Çatal Hüyük yn Turkije, fan Jericho op de westigge fan de Jordaan en Harappa en Mohenjo-Daro yn Pakistan. Neffens de opfetting fan ’e foaroansteande Litousk-Amerikaanske argeologe Marija Gimbutas, dy't lykwols lang net unanym oannommen wurdt, moatte de likernôch fyftichtûzen megalityske monuminten yn West-Jeropa taskreaun wurde oan ’e earetsjinst fan ’e Memmegoadinne. Dy monuminten kinne fûn wurde fan Portugal oant Sweden en de wichtichste en bekendste derfan steane by Stonehenge, yn Ingelân, en by Carnac, yn Frankryk. Gimbutas leaut ek dat de kultus fan ’e Memmegoadinne, of yn elts gefal de matriargale kultuer dy’t dêr it gefolch fan wie, yn Jeropa en it Heine Easten fuortbestien hat oant it begjin fan it de Kopertiid, Galkolitikum, oan ta, om 4000 f.Kr. hinne, en yn guon mear isolearre gebieten noch folle langer. Ek dizze opfetting fan har is net ûnomstriden. Yn elts gefal gong de Memmegoadinne op in stuit, earne yn ’e lêste helte fan it earste milennium f.Kr., op ’e nij,op yn ’e polyteistyske panteons fan ’e folken dy’t har oanbeaën.

Oer dy panteons, dy’t oant fier yn ’e histoaryske tiid yn stân bleauwen, binne skriftlike boarnen yn oerfloed en it is almeast net dreech om deryn in Memmegoadinne te identifisearjen. De Soemearjers neamden har Inanna, de Babyloanjers Isjtar, de Elamiten Pinnenkir, de Kanaäniten Anat, de Egyptners Isis, de Hettiten Arinna, de Hoerriten Hebat, de Griken Afrodite, de Etrusken Voltumna, de Romeinen Venus en de Germanen Freya. Yn al dy kultueren ûntstienen opmerklik gelikense myten dy’t har ynfloed op it religieuze libben fan ’e minsken útdrukten. Lykwols, net alle aspekten fan ’e Memmegoadinne bleauwen yn ’e polyteistyske religys ta ien goadinne beheind. Sa libbe de Memmegoadinne fan ’e Minoyske beskaving fan Kreta (2600-1400 f.Kr.), dy’t yn ’e hjoeddeiske wittenskip bekendstiet as de Potnia Thèroon, de “Masteresse fan ’e Bisten”, yn it Grykske panteon polyteisme fuort as Artemis, de goadinne fan ’e jacht, in goadinne apart fan Afrodite. En ek waarden letter de beide wichtichste Kanaänityske goadinnen, Anat en Astarte, of Asjeara, kombinearre yn ’e persoan fan Astart wa-Anat, dy’t sels wer transformearre waard yn ’e Syryske godheid Atargatis, in soarte fan nije Memmegoadinne, dêr’t de kultus fan noch altyd fuortbestie doe’t it kristendom syn opwachting makke.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Literatuer

  • A. Bertholet en H. Freiherr von Campenhausen, Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten, De Haach, 1970.
  • J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
  • Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
  • M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
  • H. Finlay en oaren, Australia, Hawthorn, 1998.
  • M. Langley, Wereldgodsdiensten, Kampen, 1996.
  • H. Smith, De religies van de wereld, Utert, 1999.

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu