Parregea
Parregea is in terpdoarp yn de gemeente Wûnseradiel, oan de Warkumer Trekfeart. It doarp hat likernôch 360 ynwenners (2004).
Oan de westkant fan it doarp leit no de N359. Mar oant 1879 lei nei it westen de Parregeaster Mar. Parregea wie dêrmei in fiskersdoarp.
Buorskippen ûnder Parregea binne Aambuorren, Angterp, Yndyk, Monebuorren en Suderein.