Swarte Swan
Swarte Swan | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Cygnus atratus |
De Swarte Swan (Cygnus atratus) is ien fan de 7 swannesoarten út de famylje fan de Anatidae, dêr't ek de guozzen en einen ta hearre.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De fûgel komt foar yn Austraalje en sûnt koart is er ek wer mei sukses yntrodusearre yn Nij-Seelân, dêr't in ûndersoart, de Nij-Seelânske Swan troch de jacht útstoarn wie. Op oare kontinenten wurdt de Swarte Swan faak hâlden as parkfûgel. Untkommen eksimplaren hawwe der foar soarge dat der ek yn Europa en Amearika hjir en dêr lytse populaasjes ûntstien binne, dy't har yn mylde klimaten goed hanthavenje.
[bewurkje seksje] Uterlik
In folwoeksen eksimplaar fan de Swarte Swan kin oant sa'n 9 kilo swier wurde. Behalve it folslein swarte fearrekleed mei brúneftige aksinten, falt de fel reade snaffel mei in wyt puntsje op. De poaten binne griis.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
Swarte Swannen binne honkfêst en bouwe har libben lang oan it selde nêst yn ûndjip wetter. It kinne dan ek mânske bouwwurken wurde. De jongen binne ynearsten brúneftich griis.