Earrebarre
Earrebarre | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Ciconia ciconia |
De Earrebarre (Ciconia ciconia) is in 100-115 sm grutte fûgel út de famylje fan de Eibertfûgels. It is in grutte wite fûgel mei swarte rânen oan de wjukken. Fierder hat er in opfallende reade snaffel en poatten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oare nammen
De Earrebarre wurdt yn it Frysk ek wol oantsjutten mei: Eiber, Eibert as Prikkedief.
[bewurkje seksje] Fersprieding
De Earrebarren komme foar in grut part fan Europa en Afrika. It is in echte trekfûgel; de fûgels dy't yn Europa briede oerwinterje yn Afrika. By de reis nei syn winterferbliuw mijt er de see. De fûgels berikke Afrika dan ek troch by Gibraltar fan Spanje út oer te stekken, en de eastlike fûgels geane oer Turkije.
[bewurkje seksje] Oantallen yn Nederlân
It tal earrebarren is yn Nederlân de 20e ieu hieltiid tebekrûn ta inkele briedpearren yn de jierren sântich. De tebekrin is nei alle gedachten oan de grutskaliger lânbou te witen, mei it brûken fan bestriedingsmiddels. Mar ek oan klimatologyske oarsaken sa as in steeds droeger wurden oerwinteringsgebiet.
In 1969 is yn Groot-Ammers yn Súd-Hollân troch de Fûgelbeskerming Nederlân Het Liesveld boud. Dit fok-stasjon is bedoeld om in grut tal earrebarren te fokken. At de fûgels sa'n fjouwer jier âld binne wurde se oerbrocht nei in bûten-stasjon. Hjir wurde de fûgels fuorre mar kinne se ek yn de omjouwing om iten sykje. De bedoeling is dat de jongere generaasjes fûgels harren wer hielendal sels rêde en sa wer foar in grutte populaasje wylde earrebarren soarchje.
[bewurkje seksje] Gedrach
Earrebarren kinne mei harren stimme net in protte lúd meitsje. Mar in de maaitiid meitsje se in protte leven trochdat se mei harren snaffel klepperje. Dit is in opfallend gedrach werby se harren holle en nekke hielendal oer harren rêch bûge.
Lykas in protte fûgels mei lange skonken stiet ek de earrebarre in protte op ien poat. Trochdat se ien poat oplûke en tusken harren fearren weistopje ferliese se minder waarmte.
[bewurkje seksje] Iten
Earrebarren ite in protte kikkerts en binne in protte in de buert fan sleatten te finen. Fierder ite se ek mûzen, jonge rotten, ynsekten en oare lytse bisten. De oarbliuwsels fan it iten wurd yn de foarm fan in spuiballen wer útspuit.
[bewurkje seksje] Fuortplanting
De Earrebarren briede elts jier wer op it selde nêst. It nêst leit meast op in dak fan in hûs op spesjaal makke earrebarrenêsten. De fûgels komme elts jier wer werom nei itselde nêst en meitsje it ek eltse kear wer grutter. It nêst hat meast in trochsnee fan 1,5 meter en âlde nesten kinne wol sa'n 2,5 meter heech wurde. De 3-5 aaien wurde yn sa'n 33 dagen útbred. Wylst de fûgels lyk by it earste aai begjinne te brieden is dêrtroch in leaftiidsferskil by de jongen. De jongen wurde noch sa'n 8 wiken troch de âlden fuorre. De leste wiken steanne se faaks al op it nêst al drok mei harren wjukken te slaan om dy foar it fleanen te oefenjen.