Gemeente
De gemeente is de tredde laach fan bestjoer, in part fan in provinsje. In gemeente wurdt foarme troch ien of mear doarpen, flekken as stêden en it lân dêr om hinne.
[bewurkje seksje] Bestjoer
It deistich bestjoer fan de gemeente wurdt dien troch boargemaster en wethâlders; de gemeenterie hat it bestjoer oer langere tiid. As wurkplak hawwe dizze organen it gemeentehûs, dat meast in it grutste of âldste plak fan de gemeente stiet. Dat plak wurdt dan beskôge as it haadplak fan de gemeente. As it haadplak in stêd is dy't it grutste part fan de gemeente, in stêdsgemeente, foarmet, dan wurdt sprutsen fan in stêdshûs.
[bewurkje seksje] Skiednis
Oant 1851 wie de tredde laach fan bestjoer yn Nederlân opboud út stêden, gritenijen, ambachten en noch oare ienheden. Dat jier waard de Gemeentewet oannaam dy't de histoaryske ferskillen yn de tredde laach fan bestjoer weimakke.