Inkhuzen
Gemeente Inkhuzen | |
---|---|
Provinsje | Noard-Hollân |
Boargemaster | Jan Baas |
Haadplak | Inkhuzen |
Gebiet - wetter |
14,31 km² - 1,78 km² |
Ynwenners | 17.387 |
Ferkearsieren | N302 & N506 |
Netnûmer | 0229 |
Postkoades | 1600-1602 |
Offisjele webstee | www.enkhuizen.nl |
Inkhuzen (Hollânsk: Enkhuizen, Westfrysk: Enghúze/Inghúze) is in stêd en gemeente yn de provinsje Noard-Hollân, oan de eastpunt fan West-Fryslân. Yn de gemeente wenje 17.387 ynwenners op in lânoerflak fan 14,31 km² (1 juny 2005). It totale gebiet fan de gemeente is lykwols likernôch 116 km², wêrfan it grutste part Iselmar.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Plakken
Njonken de stêd lizze yn de gemeente de doarpen Easterdyk en Westein.
[bewurkje seksje] Ferbinings
Inkhuzen is oer it spoar ferbûn mei Hoarn. Yn de simmer fart de "Bep Glasius" trije kear deis hinne en wer nei Starum, en de "Prins Claus" trije kear deis hinne en wer nei Urk. De Houtribdyk ferbinet Inkhuzen troch de Iselmar mei Lelystêd.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2005 - 17.387 (1 juny)
- 2004 - 17.241
- 2002 - 17.076
- 1999 - 16.713
- 1998 - 16.572
- 1971 - 11.940
- 1956 - 10.600
- 1913 - 7.748