Letlân
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Letlân is ien fan de Baltyske steaten yn Noardeast-Jeropa. De haadstêd is Riga en de presidint fan de republyk is sûnt desimber 2004 Aigars Kalvitis. It is it middelste yn grutte en lizzing fan de trije Baltyske lannen.
Letlân wurdt begrinzge troch:
- Estlân yn it noarden,
- Ruslân yn it easten,
- Wyt-Ruslân yn it súdeasten,
- Litouwen yn it súden,
- de Golf fan Riga en de Eastsee yn it súdwesten,
[bewurkje seksje] Gearwurking
It lân is sûnt 1991 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1995 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 2004 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Letlân hat him op 1 maaie 2004 oansletten by de Jeropeeske Uny, mar it hat gjin diel oan de monetêre uny.