Noardpoal
De Noardpoal is it punt fan de ierde dêr't de ierdas it ierdoerflak snijt, en dêr't ierde nei lofts draait. Analooch kin de term ek foar oare planeten brûkt wurde.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Rotaasje
De ierde draait om syn as, de ierdas. De twa punten dêr't de ierdas troch it ierdoerflak snijt binne de poalen, de noardpoal en de súdpoal. Immen dy't op de noardpoal stiet draait lykas de ierde om syn as, en hy draait dêrby nei lofts. De noardpoal leit op it poaliis fan de Noardpoalsee.
[bewurkje seksje] Geografy
De ierdas leit net wier fêst, mar skommelt yn in syklus fan likernôch 435 dagen, wat de Chandler skommeling neamt wurdt. Hjirtroch makket de noardpoal in sirkel fan in pear meter oer it poaliis. Om it brûkber koördinatestelsel is der in fêst punt oanwiisd as geografyske noardpoal.
[bewurkje seksje] Magnetysk fjild
De rotaasje fan de izerkearn fan de ierde ropt in magnetysk fjild op mei in magnetyske noardpoal. Troch de asymmetry fan die kearn leit dy magnetyske noardpoal lykwols op in oar plak. Op de noardpoal, en yn gâns it noardpoalgebiet, is somtiden it noarderljocht sichtber, dat ek yn it magnetyske fjild in oarsprong hat.
[bewurkje seksje] Dei en nacht
Op de noardpoal is gjin ferrin fan dei en nacht. De sinne is yn alle rjochtingen like fier fuort. Troch de stân fan de ierdas is der de iene helte fan it jier it ljocht fan de poaldei en de oare helte fan it jier it tsjuster fan de poalnacht.
[bewurkje seksje] Untdekkers
[bewurkje seksje] Untagonklikens
De noardpoal leit op it iis fan de Noardpoalsee. Yn it poalgebiet is it kâld, en snie en iis meitsje it poalgebiet ûntagonklik. It punt dat it fierst wei is fan de kusten fan de Noardpoalsee is de noardpoal fan ûntagonklikens, mar ek de noardpoal is fier fan alle kusten. Al dizze omstannigheden tegearre makken ekspedysjes nei de poal oan it begjin fan de 20e ieu in hast ûnmooglike opjefte. Lykwols hawwe ferskate minsken besocht as earste de noardpoal te berikken.
[bewurkje seksje] Mooglik
Frederick Cook wie de earste dy't sei dat er dêr, 21 april 1908, ek yn slagge wie. Nei him kaam Robert Peary, dy't sei dat er op 6 april 1909 op de noardpoal west hie. Letter woe Richard Byrd hawwe dat er op 10 maaie 1926 as earste mei in fleantúch oer de poal flein hie. Nei oanlieding fan ûnder oaren deiboekstúzje wurdt no lykwols oannaam dat net ien fan harren wier de poal berikt hat.
[bewurkje seksje] Wis
De earsten dêr't it wis fan is dat se de noardpoal berikt hawwe binne Roald Amundsen en Umberto Nobile dy't mei harren minsken op 13 maaie 1926 mei in loftskip de poal berikten. Se setten lykwols gjin foet op it iis, wat Mikhail Somov dy't op 23 april 1948 mei in fleanmasine op de noardpoal kaam al die. De earste wêrfan it wis is dat er oer it iis de noardpoal berikte wie Ralph Plaisted, dy't op 19 april 1968 mei syn minsken op de noardpoal kaam.