Wytmarsum
Wytmarsum is in doarp yn en it haadplak fan de gemeente Wûnseradiel en telt likernôch 1800 ynwenners.
Wytmarsum leit tichteby A7 tusken de ôfslútdyk en Boalsert yn de buert fan Arum, Penjum en Wûns.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
[bewurkje seksje] Bekende Wytmarsummers
[bewurkje seksje] Menno Simons
Wytmarsum is it berteplak fan Menno Simons (1496). Hy is de ienige tsjerkeherfoarmer fan Nederlânske komôf dy't in streaming neilitten hat mei mienskippen dy't rûnom op'e wrâld te finen binne. Geregeldwei komme der Mennonityske besikers nei it doarp om mei it berteplak fan harren stifter yn'e kunde te kommen. Krekt bûten Wytmarsum stiet in monumint op it plak dêr't Simons preke hat.
[bewurkje seksje] Pim Mulier
Sportpionier Pim Mulier (Willem Johan Herman) waard op 10 maart 1865 yn Wytmarsum berne. Yn it doarp drage sawol de fuotbal as de keatsferiening syn namme.