Penjum
Penjum (Offisjeel Pingjum) is in terpdoarp yn de gemeente Wûnseradiel, mei 645 ynwenners (1 jannewaris 2005).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Geografy
It doarp leit yn it noardlik part fan de gemeente, yn de Lytse Bouhoeke, likernôch 4 km noardeast fan de Ofslútdyk, op 53° 7' N - 5° 26' E.
In part fan de húzen wurdt brûkt as rekreaasjewente. It menniste skûltsjerkje fan Penjum wurdt troch Mennisten út gâns de wrâld besocht. Yn it tsjerkje is in diasearje te sjen oer it libben fan Menno Simons.
Ek de buorskippen de Nes, de Rige, de Blokken, Boatlân en Lytse-Penjum wurde ta it gebiet fan Penjum rekkene.
Súdeastlik fan it doarp leit 2 km fierder Wytmarsum, dêr't it fia de Mulierleane mei ferbûn is. De Penjumer Feart ferbynt it doarp ticht by Wytmarsum mei de Wytmarsumer Feart dy't ferbining jout mei Harns, Frjentsjer en Boalsert.
[bewurkje seksje] Skiednis
Penjum is ûntstien op de súdlike kwelderrêch fan de Mjenje, in âlde see-earm fan de Waadsee. It gebiet waard nei alle gedachten foar Kristus al bewenne. Doe't yn de 19e ieu de terp ôfgroeven waard, waard in Romeinsk byldsje fûn fan de god Merkuur. Lykwols wurdt oannaam dat de terp nei de Romeinske tiid wêr ferlitten is oant der yn de 5e ieu nije bewenning kaam. De namme Penjum is in namme op -um, dat it kin ferklearre wurde as "Penningahiem", it plak fan Penniga.
Yn 1186 is noardwest fan Penjum troch kleaster Lidlum it kleaster Vinea Domini stifte. Dat hat oant 1570 in kleaster west. Yn 1612 wie de tsjerke sa brekfallich wurden dat it kleaster ôfbrutsen waard. De tsjerke yn it doarp wurdt al nemat op in list út 1270. Oan de ein fan de 15e ieu waard it doarp ferskate kearen plondere en brânskat, en mooglik as gefolch dêrfan waard yn 1500 in nije tsjerke boud. Yn 1524 waard Menno Simons hjir oansteld as fikaris.
Doe't yn de nacht fan 3 op 4 febrewaris 1825 de Frysje dyken trochbrutsen ûnder in fleanende westerstoarm, waard Penjum ûntsjoen, troch de dyk om it doarp, de 'Penjumer Halsbân.
Op 16 april 1945 begûn yn Penjum in fûl gefjocht tusken it Kanadeeske Earste leger en in groep fan Dútske skerpskutters dy't de ôftocht fan Dútske troepen oer de Ofslútdyk befeiligje moasten. 39 minsken bleaunen dea, 46 Dútsers, 1 Kanadees en 6 boargers.
[bewurkje seksje] Ferneamde Penjumers
De wiskundiche Obbe Sickes Bangma is hjir berne. De kabaretier Rients Gratama wenne doe't er jong wie yn Penjum.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2005 - 645
- 2004 - 670
- 2003 - 663
- 2002 - 656
- 2001 - 654
- 2000 - 656
- 1998 - 646
- 1974 - 641
- 1969 - 780
- 1964 - 860
- 1959 - 915
- 1954 - 950
- 1913 - 969
- 1875 - 1.072
- 1848 - 682
- 1830 - 658
- 1825 - 618
- 1823 - 637
- 1811 - 553