Biology
Biology is de stúdzje fan it biologysk libben. It hâld him dwaande mei de karakteristiken en gedragingen fan organismen, hoe't soarten en yndividuen ûnsteane, en hokfoar ynteraksje se mei elkoar en de omkanten hawwe. Biology wurdt rekkenne ta de eksakte wittenskippen. Immen dy't him profesjoneel dwaande hâldt mei biology is in biolooch.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Oersjoch fan de biology
Biology omfiemet in breed spektrum fan akademyske fjilden dy't faak sjoen wurde as selstannige dissiplines. Meiïnoar bestudearje se it libben op ferskate skaal:
- op atomêre en molekulêre skaal troch de molekulêre biology en biogemy
- op sellulêre skaal troch de selbiology
- op multy-sellulêre skaal troch de fysiology en anatomy
- op de skaal fan de ûntwikkeling of ontogeny fan in yndividueel organisme troch de ûntwikkelingsbiology
- op it nivo fan relaasjes mei, en ferskillen tusken, âlder en ôfkommeling troch de genetyk
- op it nivo fan groepsgedrach troch de gedrachsbiology
- op it nivo fan in folsleine populaasje troch de populaasje-genetyk
- op it nivo fan de soarten troch de taksonomy
- op it nivo fan ûnderling ôfhinklike populaasjes en harren omkanten troch ekology en evolusjonêre biology
[bewurkje seksje] Stúdzjefjilden yn de biology
Aerobiology -- Anatomy -- Astro-biology -- Bakteriology -- Bio-fysika-- Biogemy -- Bio-geografy -- Bio-technology -- Bio-ynformatika -- Botany -- Ekology (Theoretyske ekology, Symbiology, Autekology, Synekology) -- Epidemiology -- Etology -- Evolusjonêre biology -- Evolusjonêre ûntwikkelingsbiology -- Firology -- Fycology -- Fylogeny (Fylo-genetika, Fylo-geografy) -- Fysiology -- Fyto-patology -- Gedrachsbiology -- Genetika (Populaasje-genetika, Kwantitative genetika, Genomika, Proteomika) -- Gorology -- Herpetology -- Histology -- Ichtiology -- Ymmunology -- Kryptosoölogy -- Kseno-biology -- Lymnology -- Malakology -- Mammalogy -- Mikrobiology -- Molekulêre biology -- Morfology -- Mykology -- Myrmekology -- Neurowittenskippen (Neuro-anatomy, Neuro-fysiology, Systeem-neurowittenskip, Biologyske psychology, Psychiatry, Psycho-farmakology, Gedrachs wittenskip, Neuro-etology, Psychofysika, Kognitive wittenskip)-- Onkology -- Ontogeny -- Ornitology -- Paleontology (Palaeo-botany, Palae-soölogy) -- Patology -- See-biology -- Selbiology -- Soölogy -- Struktuer-biology -- Swietwetter-biology -- (stúdzje fan) Syktes (fan Genetyske syktes, fan Ynfeksje syktes, Onkology) -- Sytology -- Taksonomy -- Toksikology -- Untwikkelings-biology --
[bewurkje seksje] Ferwante dissiplines
Medisinen -- Fysyske antropology
[bewurkje seksje] Evolúsje en biology
Ien fan de sintrale konsepten yn de biology is dat alle libben troch in proses fan evolúsje ôfstamt fan it earste mikro-organisme. De troch Charles Darwin formulearre evolúsjeteory, mei de troch him nei foarren brochte natuerlike seleksje as meganisme, stiet oant hjoeddedei sintraal. Genetyske drift wurdt dêrby omearme as in addisjoneel meganisme yn de saneamde moderne syntese. De evolusjonêre histoarje fan in soart, dy't de karakteristiken fan foaraôfgeande soart en de relaasje ta oare soarten beskriuwt, wurdt fylogeny neamd. It grut ferskaat oan wurkfjilden draacht by oan de ynformaasje yn de fylogeny, lykas: it fergelykjen fan DNA yn de molekulêre biology en it fergelykjen fan fossilen en oare resten fan âlde organismen yn de paleontology. Biologen organisearje en analisearje ferwantskip op ferskate wizen. Wichtige ûntwikkelingen yn de evolúsje binne gearfette de evolusjonêre tiidsline.
[bewurkje seksje] De klassifikaasje fan libbensfoarmen
De wittenskip dy't him dwaande hâldt mei de klassifikaasje fan libbensfoarmen wurdt taksonomy neamd. Ek de termen systematyk en kladistyk wurde hjir wol foar brûkt.
De biologyske taksonomy giet werom op Carolus Linnaeus yn de 18e ieuw en wie yn earste ynstânsje basearre op anatomyske fergeliking fan libbene wêzens, bisten, planten ensfh. Dit oarspronkelike systeem dielde de wêzens yn yn soarten (species), geslachten (genus), famyljes ( familia), oarders (ordo), klassen (classis), stammen (phylum) en riken (regnum), mar der waard dêrby oannommen dat soarten ûnferoarlik wiene.
Oer dizze yndieling ûnstie yn de 19e ieu in soad diskusje, omdat troch de evolúsjeteory fan Darwin oan dizze yndieling in nije diminsje tafoege waard, nammentlik dy fan stamferwantskip. Ek de stúdzje fan fossilen kaam yn dy tiid op. De faktor tiid en wannear der sprake is fan ferskillende soarten waarden belangrike ûnderwerpen fan diskusje. De klassike yndieling blykte op in soad punten net krekt te wêzen.
Yn de lêste jierren fan de 20e ieu kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber, DNA-ferwanskip, meast fan libbene wêzens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn útstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolúsje binne no (2003) noch mar foar in part te oersjen.
Yn de moderne taksonomy wurdt besocht út dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen (taksa, inkelfâld takson) binne dy't monofyletysk binne, dat wol sizze dat:
- de groep fan ien stamfoarm ôfstamt en
- alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.