Enklave
In enklave is in gebiet dat gâns troch it gebiet fan ien oare partij omsletten wurdt. Guon enklaves binne ûnôfhinklik, lykas San Marino, in enklave yn Itaalje. Oare enklaves hearre ta in oar lân, en binne dêrmei ek eksklaves, lykas Busingen, in enklave yn Switserlân dy't in eksklave fan Dútslân is.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Kust as grins
Somtiden wurdt it begryp beheind troch territoriale wetters út te slúten as mooglike grins. Oarsom wurdt it ek wol útwreide mei dy gefallen dêr't it omsletten land al in kust hat, mar dy mar koart is, yn fergelyk mei dy fan it omslettende lân. Bygelyks, Monako hat syn eigen territoriale wetters, dy't net troch de Franske omsletten wurde. Mar de kust fan Monako is folle koarter as dy fan Frankryk, dat Monako wurdt somtiden doch sjoen as in enklave fan Frankryk.
[bewurkje seksje] Tapassings
It begryp wurdt meastal brûkt foar steaten, mar kin ek oars tapast wurde: de gemeente Frjentsjer wie yn de 19e ieu in enklave yn de gemeente Frjentsjerteradiel. Ek wurdt it begryp brûkt foar bygelyks in gebied mei in oar leauwen as yn it omlizzende gebiet, of mei inwenners fan in oar etnysk of kultureel komôf. Ek foar fakânsjeoarden mei in grut tal fakânsjegongers fan ien nasjonaliteit wurdt wol sprutsen fan in enklave.
[bewurkje seksje] Binnen-enklaves
Yn guon gefallen lizze yn enklaves wer oare enklaves, binnen-enklaves. De ienichste binnen-binnen-enklave is in Yndyske enklave yn in Bangladeeske enklave yn in Yndyske enklave yn Banglades.
[bewurkje seksje] Ynternationale enklaves
- Baarle-Hartoch - Belgje yn Nederlân (22 enklaves).
- Baarle-Nassau - Nederlân yn Belgje (1 enklave en 7 binnen-enklaves).
- Barak - Kirgyzje yn Oezbekistan (1 as mear enklaven).
- Barkudarly - Azerbeidzjan yn Armeenje.
- Baskend - Armeenje yn Azerbeidzjan.
- Brûnei - yn Maleizje (kust-enklave).
- Busingen - Dútslân yn Switserlân.
- Campione - Itaalje yn Switserlân.
- Ceuta - Spanje yn Marokko (mooglik allinnich in kust-enklave).
- Chizumulu Eilân - Malawy yn Mozambyk (eilân-enklave).
- Dekelia Energiesentrale - Syprus yn Grut-Brittanje (2 enklaves).
- Fatikaanstêd - yn Itaalje.
- Foruk - Tadzjikistan yn Kirgyzje.
- Gambia - yn Senegal (kust-enklave).
- Juksari Askipara - Azerbeidzjan yn Armeenje.
- Kairagach Tadzjikistan yn Kirgyzje.
- Kalacha - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- Kalmion - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- Karki - Azerbeidzjan yn Armeenje.
- Koetsjbehar - Yndia yn Banglades (104 enklaves, 2 binnen-enklaves en 1 binnen-binnen-enklave).
- Ksylotimbou - Syprus yn Grut-Brittanje.
- Lesoto - yn Súd-Afrika.
- Likoma Eilân - Malawy yn Mozambyk (eilân-enklave).
- Livia - Spanje yn Frankryk.
- Mada - Oman yn de Feriene Arabyske Emiraten.
- Martin Garcia Eilân - Argentynje yn Urûguay.
- Melilla - Spanje yn Marokko (mooglik allinnich in kust-enklave).
- Monako - yn Frankryk (kust-enklave).
- Munsterbildchen - Dútslân yn Belgje.
- Mützenich - Dútslân yn Belgje.
- Nagorno-Karabach - yn Azerbeidzjan.
- Nava - Feriene Arabyske Emiraten yn Oman (binnen-enklave yn Mada).
- Okusi - East Timor yn Yndoneezje (mooglik allinnich in kust-enklave).
- Ormidia - Syprus yn Grut-Brittanje.
- Rangpur - Banglades yn Yndia (71 enklaves en 21 binnen-enklaves).
- Rötgener Wald - Dútslân yn Belgje.
- Rückschlag - Dútslân yn Belgje.
- Ruitzhof - Dútslân yn Belgje.
- San Kovo - Ruslân yn Wyt-Ruslân.
- San Marino - yn Itaalje.
- Sarvan - Tadzjikistan yn Oezbekistan.
- Sastavsi - Bosnje yn Servje-Montenegro.
- Sjakimardan - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- Sok - Oezbekistan yn Kirgyzje.
- It Suvorovmonumint - Ruslân yn Switserlân.
- Tatly - Azerbeidzjan yn Armeenje (2 enklaves).